Asylsiker troch skoalle beskerme

04 jun 2004 - 00:00

In asylsiker út Sint Anne dy't it lân út moat, hat by syn eksamens spesjale beskerming fan skoalle krigen. Dit om foar te kommen dat de plysje him fuorthelje soe by de eksamens. De asylsiker, Mirsa Rebronja, hat eksamen dien yn in apart hokje yn skoalle.

De famylje Rebronja is yn 1992 út Servië flechten en wennet sûnt 1998 hjir. Tiisdei hearden se dat se har de oare dei melde moasten om it lân útset te wurden. De famylje is no ûnderdûkt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)