Maatregels MCL tsjin baktearje

04 jun 2004 - 00:00

Sikehûs MCL yn Ljouwert nimt maatregels tsjin in baktearje dy't ûngefoelich is foar meardere soarten antibiotica. It sikehûs wol fierdere fersprieding fan de baktearje tsjingean.

It giet om in darmbaktearje dy't by in soad minsken foarkomme kin. De kâns dat immen der siik fan wurdt is net grut, mar yn in sikehûs kinne minsken mei minder wjerstân in ynfeksje krije. It MCL sil by pasjinten mei de baktearje ekstra hygiënyske maatregels nimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)