Potfisk poater

© Omrop Fryslân
De deade potfisk dy't tongersdei sjoen is by Skiermûntseach, is net mear te finen. De fisk soe sa'n tweintich meter lang wêze, in part dreau boppe wetter.
Opfarrenden fan in fiskkotter hawwe de fisk om sân oere foar it lêst sjoen. Dat de potfisk spoarloas is, kin te meitsjen ha mei de wyn. Ek kin de fisk sonken wêze, trochdat er him fol sûcht mei wetter. Kenners tinke dat it, as de lingte wier tweintich meter is, giet om in blauwe finfisk.