Pultrum: earst gjin besunigings

04 jun 2004 - 00:00

Smellingerlân hoecht foarearst net yngripend te besunigjen. Dat stiet yn de mearjierrebegrutting dy't wethâlder Ines Pultrum freed presinteard hat.

It takomstperspektyf sjocht der lykwols net goed út. De nije wet wurk en bystân kostet de gemeente 1,3 miljoen euro. It tal minsken mei in útkearing nimt ek noch hieltiid ta. Fan it ryk krijt Smellingerlân ek nochris minder sinten út it gemeentefûns. De gemeente mist dêrtroch 1 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)