Buorden by Ljouwerter monuminten

04 jun 2004 - 00:00

Ljouwert krijt by tritich monuminten ynformaasjebuorden oer de gebouwen, eardere bewenners en funksjes. De histoaryske feriening Aed Levwerd sil him ynkoarten bûge oer de ûntwerpen en finansiering fan de buorden.

Foar it projekt is in bedrach fan sa'n 150.00 euro nedich. De gemeente hat al 17.000 euro fan it Restauratiefonds krigen. De rest fan it jild moat komme fan de gemeente en de eigners fan de monuminten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)