Ronny Venema nei Cambuur

03 jun 2004 - 00:00

Ronny Venema hat foar twa jier tekene by Cambuur. De 29-jierrige Venema spile oant no ta foar Sportklub Hearrenfean. Hy waard ek ien kear útliend oan Veendam. Sa'n bytsje alle klubs út de earste divyzje hiene belangstelling foar de rjochterferdigener.

Venema tekene tongersdeitemiddei by Cambuur. De seleksje fan Cambuur foar it kommende seizoen is dêrmei folslein. Meiinoar lutsen de Ljouwerters sân nije spilers oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)