Wâldrock: 5500 tickets ferkocht

© Omrop Fryslân
Sawat 5500 minsken hawwe oant no ta in kaartsje kocht foar it Wâldrockfestival fan sneon 19 juny. Op it terrein oan de Simmerwei yn Burgum is plak foar 12.000 minsken. Ferline jier wiene dy der ek. In part fan harren kaam doe foar de legendaryske band Iron Maiden.
Der is ek in feroaring yn it programma. De groep Deat Angel hat ôfsein foar Wâldrock 2004. It lege plak wurdt opfold troch de Amerikaanske powermetalband Nevermore.