Grutste wynjammer yn Harns kaam

03 jun 2004 - 00:00

Tongersdei is de earste gast fan de Fryske havendagen yn Harns oankommen. It is de wynjammer Khersones út de Oekraïne. It is it grutste skip dat dit wykein te besjen is yn Harns. De op ien nei grutste wynjammer is mar leafst 109 meter lang en 14 meter breed.

It skip kin allinnich mei heech wetter de haven ynfarre, want de Khersones hat in djipgong fan wol 6 meter. Khersones is neamd nei de âlde haven fan Khers, oan de Swarte See.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)