Ferfier net mear fergoede

© Omrop Fryslân
De behanneling fan 25 oant 30 bern mei earnstige psychiatryske problemen yn Fryslân rint gefaar. Sûnt dizze wike wurdt it spesjaal ferfier fan de bern fan hûs nei de plakken dêr't se oerdei behannele wurde net mear fergoede.
De bern moatte no sels mei it iepenbier ferfier komme of troch de âlden brocht wurde. Dat slagget net altyd om't de bern faak net selsstannich reizgje kinne, wylst de âlden ek de soarch ha foar oare bern.