Leuk VMBO-eksamen Frysk

© Omrop Fryslân
De eineksamenkandidaten Frysk fan it VMBO krigen tongersdei trije teksten mei multiple choice-fragen. De teksten giene oer Reboelje, Threeality en Jant van der Weg. It eksamen wie neffens de 17 kandidaten fan it Liudger Kolleezje yn Burgum 'hiel goed te dwaan'.
Dosint Henk Kloosterman fûn dat it eksamen goed oanslút by wat de jongerein dwaande hâldt. It Liudger Kolleezje yn Burgum jout al jierren ekstra omtinken oan it Frysk.