Foarsjennings nedich by Ezonstêd

03 jun 2004 - 00:00

Staatsbosbeheer wol mei hûnderttûzenen euro's oan foarsjennings de drokte fan it nije rekreaasjepark Ezonstêd opfange yn natoergebiet de Bochjesplaat. It giet dan bygelyks om kuier- en fytspaden mei útsichtpunten. De konkrete plannen foar it gebiet by Eastmahorn moatte noch útwurke wurde.

Staatsbosbeheer wie noait sa bliid mei de komst fan Ezonstêd yn it Lauwersmargebiet, mar realisearret him wol der foarsjennings komme moatte.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)