Weening tred yn tredde etappe

© Omrop Fryslân
Pieter Weening fan De Harkema is woansdeitemiddei tredde wurden yn de tredde etappe fan de Ronde fan Dútslân. Dizze swiere berchetappe gong oer 166,6 kilometer fan Wangen nei Sankt Anton yn Eastenryk. De oerwinning wie foar de jonge Dútser Patrik Sinkewitz.
Hy fersloech yn de sprint de Spanjaard Francisco Mancebo. Op 34 tellen achterstân wûn Pieter Weening de sprint fan Andreas Klöden en Igor Gonzalez de Galdeano.