E-mail-aksje tsjin Shell en Esso

© Omrop Fryslân
Net ien moat mear tanke by Shell en Esso. Allinnich dan sille de haadskuldigen fan de ferskriklik hege benzineprizen har priis sakje litte. Dat seit Karl Kerstma fan Drachten. Hy hat in kettingbriefaksje opset fia ynternet om elkenien op te roppen Shell en Esso te boycotten.
Oer inkelde wiken sil de priis fan benzine en disel in rekordhichte berikke. De earste dei hat Kerstma al 400 minsken oproppen ta de boycot.