Fryske fado fan Nynke op cd

© Omrop Fryslân
Fan it teaterkonsert Sielesâlt fan Nynke Laverman is in cd makke. Dy wurdt sneon 5 juny presintearre yn de Fiverskoalle fan Tryater yn Ljouwert. De Omrop-VJ en aktrise sjongt op de cd Fryske fado. Fado komt út Portugal en giet oer langstme en weemoed.
Nynke Laverman sette fersen fan Slauerhoff dy't Cristina Branco yn it Portugeesk fertolkt, yn it Frysk oer. Mei ûnder oare Sytze Pruiksma makke se nije arranzjeminten.