Bod op oandielen NDC

02 jun 2004 - 00:00

De stichting Je Maintiendrai Friesland wol syn belang yn de Noordelijke Dagblad Combinatie fergrutsje nei 75 prosint. De NDC jout de Ljouwerter Krante út en tal fan hûs-oan-hûs blêden.

De stichting is eigner fan de helte fan de oandielen fan de Friese Pers BV. De oare helte is fan de Erven Koumans Smeding, de eardere eigners fan de LC. Je Maintiendrai hat in bod dien op dit oandielepakket. It giet om goed 28 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)