Dronrypsters wolle swimbad hiere

02 jun 2004 - 00:00

In tal partikulieren út Dronryp hat plannen om it swimbad Schatzenburg by Menaam foar de rest fan dit jier te hieren fan eigner Ron van Booma. Neffens wurdfierder Van Gils binne de ûnderhannelingen yntusken yn in fier stadium.

Yn de omlizzende doarpen is kommoasje ûntstien oer de hege tagongsprizen dy't Van Booma freget. In tagongskaartsje kostet op it stuit 10 euro. Neffens de Dronrypsters is dat net 'merkkonform'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)