Boekwinkel Afûk wer iepen

02 jun 2004 - 00:00

De boekwinkel fan de Afûk is sûnt woansdei wer iepen. Fanwegen in ferhuzing hat de winkel in jier ticht west. De Afûk moast mei it Fryske Boek en Keunstwurk út it Fryslânhûs wei om plak te meitsjen foar de Popakademy.

Nei in jier op in yndustryterrein sit de Afûk no yn Tresoar oan de Bûterhoeke yn Ljouwert. Yn it gebou fan Tresoar sitte ek it eardere FLMD, PB en Ryksargyf. De offisjele iepening is yn oktober.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)