Man (58) oppakt foar bedriging

02 jun 2004 - 00:00

In 58-jierrige man út Dantumadiel is tiisdeitemiddei troch de plysje oanhâlden foar bedriging. Hy waard trappearre op te hurd riden. De man koe pas oanhâlden wurde nei in wylde efterfolging dy't einige op syn eigen hiem.

Dêrfoar hie er ek noch in stopteken negearre. By syn hûs wie de man sa lilk dat er de plysjes mei de dea bedrige. De man sit fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)