Essent mei netwurk oanlizze

02 jun 2004 - 00:00

Enerzjybedriuw Essent mei yn it nijbougebiet Súdlannen, dat ûnder Ljouwert komt, it elektrisiteitsnetwurk oanlizze en beheare. Dat stiet yn in noch fertroulik stik fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

It wurk wurdt net iepenbier oanbestege. De kommende 20 jier wurdt oan de súdkant fan Ljouwert tsientallen nije wenningen en bedriuwsgebouwen boud. De gemeenteried moat noch wol te set oer de enerzjyfoarsjenning yn de Súdlannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)