Skylge tsjin gasboarrings

02 jun 2004 - 00:00

Skylge wol gjin nije gasboarrings. In mearderheid fan 'e gemeenteried is tsjin iepenbrekken fan it tydlike útstel fan boarjen yn it Waadgebiet. It Ryk lei him yn in ôfspraak yn 1999 fêst om 10 jier gjin nije gasboarrings ta te stean. Den Haag wol de mooglikheden ta boarjen no earder op 'e nij besjen.

Neffens de ried kinne der ekonomysk en ekologysk gjin garânsjes jûn wurde by boarjen. De VVD op it eilân fynt dat iepenbrekken fan de ôfspraak wol kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)