Selstraffen yn saak-Steggerda

© Omrop Fryslân
De rjochtbank yn Ljouwert hat tiisdei twa jonges út Assen feroardiele ta fjouwer jier selstraf en twa jier sel yn kombinaasje mei tbs foar har oandiel yn de gizelaffêre fan Steggerda. In tredde fertochte (18) út Ljouwert krige 4,5 jier selstraf. Se krigen de straf foar it gizeljen fan in bankmeiwurker út Steggerda yn desimber ferline jier.
Twa Grinzers (23 en 25) hiene de aksje betocht. Sy krigen seis jier selstraf, konform de eask fan 'e offisier.