'Kompjûter brûke by muzykles'

01 jun 2004 - 00:00

De kompjûter wurdt te min brûkt by it ûnderwiis op muzykskoallen, seit muzykskoalle A7 op 'e Gordyk. Moandei lieten se op 'e Gordyk muzykdosinten út hiel Fryslân sjen hoe't je mear gebrûk meitsje kinne fan 'e mooglikheden fan de kompjûter en ynternet.

Op de dei die bliken dat dosinten de kompjûter sels wol brûke, mar dêr learlingen neat mei dwaan litte. Ek de wat saaie teorylessen wurde mei help fan de kompjûter folle aardiger.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)