Tekoarten yn Dongeradiel

01 jun 2004 - 00:00

De gemeente Dongeradiel moat jierliks mei acht-en-in-heale-euroton minder ta. Los fan dizze strukturele tsjinfaller ferwachtet de gemeente it kommend jier nochris in tekoart fan oardel miljoen euro. Dêrom moat der besunige wurde en giet de ûnreplik guod belesting mei tsien prosint omheech, sa makke it kolleezje fan boargemaster en wethâlders tiisdei bekend.

De gemeenteried moat noch te set oer de besunigings en mooglike lesteferheging.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)