Dokkum: blinepaad no al te smel

© Omrop Fryslân
Yn Dokkum is tiisdeitemoarn begûn mei de oanlis fan in 'geleidelijn', in paad dat blinen helpe moat om it paad te finen fan busstasjon nei binnenstêd. Der is sân jier praat oer it blinepaad, mar der is no al krityk op de útfiering.
It Dokkumer blinepaad is 20 sintimeter breed, wylst dat neffens de rjochtline fan Europa 60 sintimeter heart te wêzen. Foar blinen is it dreech om in ribbelline fan 20 sintimeter te fielen.