Noordned: prate en net stake
Meiwurkers en ûndernimmingsried fan Noordned sille foarearst net op 'e nij it trein- en busferfier stillizze. Mei op advys fan 'e fakbûnen binne meiwurkers en UR ree om yn te gean op de bemiddeling troch âld-fakbûnsman Reinder Hoekzema.
Meiwurkers en UR easken it opstappen fan Noordned-direkteur Braam. Dat ultimatum is no foarearst twa wike útsteld. Yn tuskentiid wurdt fierder praat mei Hoekzema.
Trefwurden:
argyf