GGZ: bouplannen foar 50 miljoen

© Omrop Fryslân
GGZ Fryslân sil de kommende jierren foar mear as 50 miljoen euro ynvestearje yn nijbou. By de lokaasje Grut Lankum yn Frjentsjer komt in Forensysk Psychiatryske ôfdieling. Ek binne der plannen foar de bou fan in multyfunksjoneel terapysintrum.
De komt in wen- en wurkfoarsjenning foar GGZ-kliïnten mei in autistyske stoarnis op It Hearrenfean. Yn Ljouwert komt in nij kantoar foar de stêf fan GGZ. Yn 2008 moat de nijbou klear wêze.