Noordned: oerlis mei Hoekzema

© Omrop Fryslân
It personiel fan ferfiersbedriuw Noordned en de fakbûnen praten tiisdei yn it FEC yn Ljouwert mei delegeard bestjoerder Reinder Hoekzema. Der waard praat oer it foarearst útstelde ultimatum fan 'e ûndernimmingsried, wêryn't it opstappen easke wurdt fan Noordned-direkteur Braam. Hoekzema is by Noordned om de swierrichheden mei it personiel op te lossen.
It oerlis mei Hoekzema hie gjin gefolgen foar trein- en busferkear.