Goed 3200 scouts by Lauwerseach

© Omrop Fryslân
Goed 3200 scouts wienen mei Pinkster by elkoar yn de Marnewaard by Lauwerseach. It wie it 74ste Noardlik Pinksterkamp. It grutste jierlikse scoutingkamp yn Europa mei fral bern út de trije noardlike provinsjes.
Neist dat it kampearjen gesellich is, leare de scouts ek in soad. Se moatte har eigen keuken bouwe, sels itensiede en alles netsjes hâlde. Takom jier sil it Pinksterkamp noch mear scouts lûke. Dan wurdt it 75-jierrige jubileum fierd.