Soad besikers op Skoattermerk

31 maaie 2004 - 00:00

De tradisjonele Skoattermerk yn Aldskoat (by It Hearrenfean) hat moandei wer tsientûzenen besikers lutsen. De grutste jiermerk fan de provinsje wurdt altyd op Pinkstermoandei hâlden.

De merk bestiet al mear as fjouwerhûndert jier. De kearn is de hannel yn lytsfee, mar der is folle mear te dwaan yn Aldskoat en dêrom wie it wer in drokte fan belang.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)