Minnertsgea leit derút

© Omrop Fryslân
Yn de fjirde omloop hat it partoer fan Huzum wûn fan dat fan Hallum. It partoer fan Wytmarsum wie sterker as dat fan Makkum. De keatsers fan Berltsum stjoerden it partoer fan Reduzum nei hûs. Ek it partoer fan Goutum is klear nei't Dronryp fan har wûn.
De partij Frjentsjer tsjin Minnertsgea duorre lang. Mei alles oan de hang makke in sitbal fan Michel Van der Veen de partij út. Frjentsjer giet fierder.