Famke (4) ferwûne by ûntploffing

31 maaie 2004 - 00:00

By in ûntploffing op in boat yn Snits is snein in famke (4) slim ferwûne rekke. It famke wie mei har heit, mem en twa suskes op de boat, dy't lei yn de Houkesleat. Doe't de heit de boat starte, folge in ûntploffing.

It hiele gesin kaam dêrtroch yn it wetter telâne. Allinnich it famke fan fjouwer rekke slim ferwûne. Se is fan it sikehûs yn Snits oerbrocht nei it AZG yn Grins. Se hat brânwûnen en letsel oan de longen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)