Flagge fan twa kilometer

© Omrop Fryslân
De Dokkumer Flaggesintrale hat de ôfrûne moannen hurd wurke oan in twa kilometer lange Nederlânske flagge. Dat is in rekord, want sa'n lange Nederlânske flagge is yn ús lân noch nea makke.
It projekt is op poaten set fanwege it Bonifatius-jier dat dit jier yn Dokkum fierd wurdt. De flagge moat op 5 juny yn it sintrum fan Dokkum útrôle wurde troch 1400 frijwilligers. Se krije dan 2,50 euro foar har klub of feriening.