Pinksterlanddagen yn Appelskea

© Omrop Fryslân
De 71e edysje fan de anargistyske Pinksterlanddagen fûn dit wykein plak yn Appelskea. Hichtepunten dit jier wiene de komst fan Israëlyske anargisten en de âld-Spanjestrider Abel Paz. Fierder presintearre it Dierenbevrijdingsfront it nije diererjochtemagazine 'Change'.
Ek wiene der ferskate workshops, fideopresintaasjes en aktiviteiten foar bern. Dat alles fûn plak op it terrein 'ta frijheidsbesinning'.