Priis oan Tjeerdsma útrikt

31 maaie 2004 - 00:00

Programmamakker Piter Tjeerdsma hat in Europeeske priis krigen foar syn film 'Sjoch der leit wat op 'e dyk'. Yn it Poalske Wroclaw krige de Omrop-kollega de priis fan Circom (feriening fan regionale televyzjestasjons) yn de kategoary meast orizjineel. De film oer poppespiler Feike Boschma is keazen út 173 ynstjoeringen út 26 lannen.

It item Sande klasse A fan Omropsjoernalist Arjen de Boer krige yn Poalen in spesjale fermelding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)