Skea by bêdewinkel Drachten

© Omrop Fryslân
In lossketten reinwetter-ôffier hat moandeitemoarn foar skea soarge by de winkel Totaal Bed yn Drachten. Doe't it personiel by de winkel kaam, waard de skea ûntdutsen. De ôffier wie lossketten.
Troch it reinwetter dat dêrtroch nei binnen rûn, kaam in stik ferlege plafond nei ûnderen. Ek leit der flink wat wetter yn de winkel. De brânwacht hat it lek tichte. De winkel wurdt skjinmakke. Totaal Bed is wol iepen.