Tûzenen nei sindingsfeest

31 maaie 2004 - 00:00

Op it sindingsfeest yn Feankleaster wiene wer tsien- oant fyftjintûzen besikers. Se kamen út de trije noardlike provinsjes. It wie foar de 31e kear dat dit iepenloftbarren op Twadde Pinksterdei plakfûn.

It evenemint begûn moandei mei in tsjerketsjinst yn de bosk. Middeis wie in program mei Taizésjongen, dûmny Zijlstra lies foar en kristlike keunstners toanden har wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)