Wach wêze op falske strippekaart

© Omrop Fryslân
Ferfiersbedriuwen Noordned en Arriva sille ekstra kontrolearje op strippekaarten yn de omkriten fan Dokkum. Mooglik binne dêr hûnderten falske strippekaarten yn omrin.
De plysje hâlde ferline wike yn it azc yn Dokkum seis Russen oan dy't falske strippekaarten makken en ferkochten. Noordned sil oanjefte dwaan by de plysje. Arriva tinkt der noch oer nei. Bussjauffeurs ha de opdracht krigen strippekaarten goed te besjen.