Kramer wint Ronde fan Oranjewâld

30 maaie 2004 - 00:00

De Ronde fan Oranjewâld is wûn troch Gerrit Kramer fan Boalsert. Hy rûn de 10 Ingelske milen yn 52.56,6. Rudi van der Lelie (Jobbegea) waard twadde en Saher Yousef (It Hearrenfean) tredde.

Hurdrinster Jacintha Fancel fan Ljouwert is yn Mearum tredde wurden by in wedstriid oer tsien kilometer. Se kaam nei 40 minuten en 54 sekonden oer de einstreek. Sanne Buisman (Grins) wie earste en Joosje Buiter (Eext) twadde. Arjen Kuper (Grins) wie de rapste man.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)