Boek oer boeiers presintearre

© Omrop Fryslân
It earste eksimplaar fan it lêste boek fan de trilogy oer plat- en rûnboaiemjachten is sneon presintearre yn it Skipfeartmuseum yn Snits. It boek is oanbean oan Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels.
Nijpels krige it boekwurk fan de skriuwer yngenieur Vermeer fan Himmelum. It boek is in stúdzje oer bou, ûntstean en maatfierings fan de jachten. Oan de Botniakade wie foar de gelegenheid in lytse reuny fan boeiers.