Aksje Boalsert grut sukses

© Omrop Fryslân
De aksje yn Boalsert foar de stifting 'Doe een wens' is in grut sukses wurden. Mei help fan ûnder oare fytsers dy't alve oeren lang fytst ha, is der goed 20.000 euro binnenhelle. De stifting hat as doel winsken fan slimsike bern te ferfoljen.
Ek skoalbern ha jild binnenhelle. Der wie yn Boalsert fan alles en noch wat te dwaan. De opbringst is heger as ferwachte. De organisaasje tinkt deroer takom jier wer sa'n aksje te hâlden.