Frysk strjitfestival yn Ljouwert

29 maaie 2004 - 00:00

It Frysk strjitfestival luts sneon flink wat minsken nei de haadstêd. Op tolve teater- en ferskate muzykpoadia rûnom yn it sintrum fan Ljouwert wie muzyk en strjitteater te besjen. Organisator De Harmonie wol mei it strjitfestival maklik tagonklik fermaak foar jong en âld biede.

Ien fan de teatergroepen is Whalley Range All Stars. De groep trede op mei in hiele grutte baarch dêr't de holle yn stutsen wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)