Soargen D66 oer wurkgelegenheid

© Omrop Fryslân
De steatefraksje fan D66 makket him soargen oer de wurkgelegenheid yn ús provinsje. De fraksje basearret him dêrby op sombere berjochten fan de Noardlike ûntwikkelingsmaatskippij, NOM.
Boppedat binne der sinjalen dat der nei 2006 gjin spesjale stipe mear foar it Noarden is. D66 wol no fan deputearre steaten wite oft de NOM wol in goed belied fierd hat de lêste jierren. D66 tinkt ek oan it opsetten fan in fûns foar risikofolle projekten.