Afûk iepenet nije boekwinkel

29 maaie 2004 - 00:00

Underwiisynstelling Afûk iepenet woansdei in nije boek- en taalwinkel oan de Bûterhoeke yn Ljouwert. Earder siet de Afûk noch yn it Fryslânhûs oan Achter de Hoven.

Nei de komst fan de Popakademy yn dat gebou moast de Afûk ferhúzje nei in tydlik gebou. Dêrtroch hat de winkel in jier lang ticht west. Op de nije lokaasje wol de Afûk mear minsken mei it oanbod fan syn produkten yn de kunde bringe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)