Sybesma tsjin te folle regels

© Omrop Fryslân
Boargemaster Sybesma fan Skier is net fan doel om noch restaurants, hotels of kampearbuorkerijen te sluten dy't net oan de feilichheidseasken foldogge. Hy fynt sluting ûnsinnich sa lang as ynspeksjesjinsten regels brûke dy't soms heaks op inoar steane.
It is neffens Sybesma hast ûnmooglik om oan de regels te foldwaan. Hy wol de ûndernimmers op it eilan beskermje tsjin de regelsucht fan de ferskate ynstânsjes.