Andriesen:'oare fiskerij nedich'

© Omrop Fryslân
De fiskerij yn de Waadsee moat lytsskaliger en minder iensidich. Dat fynt deputearre Anita Andriesen.
Garnalefiskers moatte neffens har yn de takomst ek op moksels en kokkels fiskje kinne en oarsom. Sa wurde de fiskers minder ôfhinklik fan ien soart en bliuwt de skea troch meganyske kokkelfiskerij beheind. Andriesen hopet sa foar de fiskers nije mooglikheden te skeppen en se minder beheinings te jaan. De fiskers binne posityf.