Sylrace fan Harns nei Hull

© Omrop Fryslân
Yn Harns is sneon de earste sylrace fan Harns nei Hull en wer werom úteinset. Oan de race dogge fyftjin jachten mei. Nei alle gedachten komme de earsten oer ûngefear tritich oeren oan yn Ingelân. Se ha dan in ôfstân fan sa'n 400 kilometer ôflein.
Mei de Fryske havendagen, op 4, 5 en 6 juny moatte de dielnimmers yn elts gefal wer werom wêze yn Harns. De race is organisearre troch de Harnzer wettersportferiening.