Dalstra: om ús gjin Suderseeline

© Omrop Fryslân
De komst fan in hege snelheidstrein oer it Suderseetrasee betsjut in nije konkurrint foar de toeringcarbedriuwen yn Noard-Nederlân. Dat sei direkteur Dalstra fan it bedriuw mei deselde namme freed by de iepening fan it nije ûnderkommen fan it bedriuw. Dalstra naam it kompleks fan 'e fallite berneweinfabrikant Riemersma oer.
Dalstra docht it goed, mar fernimt de tanimmende konkurrinsje fan it goedkeape fleanferkear wol.