100 jier en alle dagen on-line
Meije Vollema fan Menaam waard freed hûndert jier. Vollema ferfeelt him net, want hy sit alle dagen achter syn laptop. De man hat slim argewaasje fan de sleauwe ynternet-ferbining yn fersoargingshûs Nij Statelân.
Vollema is op syn 'skurtekompjûter' fral op syk nei nijs. Dat falt lykwols net ta, want de ynternet-ferbining yn it Menamer soarch-tehûs is de man te stadich. De direksje sei Vollema freed ta dat hjir hurd oan wurke wurdt.
Trefwurden:
argyf