Jildboete foar Biolina

© Omrop Fryslân
Pillefabrikant Biolina op It Hearrenfean moat 24.000 euro oan 'e Nederlânske Steat betelje. Dat hat de rjochter freed bepaald. De útspraak is deselde as de eask fan it OM.
It bedriuw hat kankerferwekkende ôfslankpillen ferkocht. De fabrikant krige in warskôging, mar helle de pillen net fuortendaliks werom. De plysje naam de pillen doe yn beslach. Biolina-advokaat leit de skuld dêrfoar by de distributeur.