Russen ferfalskje strippekaarten

© Omrop Fryslân
Yn it AZC yn Dokkum binne seis Russen oanhâlden foar it meitsjen en ferhanneljen fan falske strippekaarten. De plysje waard moandei tipt oer de saak. Der binne snijmachines en stempels fûn. Nei alle gedachten koene de seis moannelang harren gong gean.
De skea foar de busbedriuwen rint yn 'e tûzenen euro's. Mooglik dat sy ek noch oanjefte dwaan sille. Yn it AZC binne in pear hûndert falske strippekaarten yn beslach nommen.